Klant berôvet prostituee

09 mrt 2011 - 11:32

Op de Weaze yn Ljouwert is tiisdei in prostituee bestellen troch in ûntefreden klant. De man wie net te sprekken oer de tsjinsten fan de 21-jierrige frou. Hy sloech har, naam har jild mei en naaide doe út.

De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe of oars wat witte oft se har melde wolle. Dat kin ek op it tillefoannûmer Meld Misdaad Anoniem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)