Michaëlskoalle nominearre

09 mrt 2011 - 10:52

De Michaëlskoalle yn Ljouwert kin it moaiste gebou fan it noarden wurde. De frije skoalle is nominearre foar de foarronde fan arsjitektuerpriis BNA Gebouw van het jaar 2011.

Op 31 maart wurdt bekend hokker gebou de sjuery it moaiste fynt en trochgiet nei de lanlike ferkiezing fan Gebou fan it jier. De skoalle is ûntworpen troch Onix út Grins. It is foar de sechde kear dat de Bond van Nederlandse Architecten de priis útrikke sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)