Soargen oer takomst De Skâns

09 mrt 2011 - 09:45

Ynwenners fan De Gordyk binne benaud dat multifunksjoneel sintrum De Skâns ferdwynt. Dat is ien fan de saken dy't út in enkête fan Pleatslik Belang op te meitsjen is. De resultaten dêrfan binne tiisdeitejûn presintearre op de ledegearkomste fan Pleatslik Belang de Gordyk.

Neffens wethâlder De Boer fan Opsterlân soene dy soargen net terjochte wêze. Yn in fernijde Skâns sille alle funksjes dy't it gebou no hat behâlden bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)