Fangstferbod net yn Fryslân

08 mrt 2011 - 22:47

De Fryske ielfiskers lykje bûten skot te bliuwen yn de nije maatregels fan steatssiktaris Henk Bleker fan ekonomyske saken. Hy wol op koarte termyn it ielfiskjen op guon plakken ferbiede. It giet dan om gebieten dy't fersmoarge binne mei dioksine en PCB's.

Benammen it Nederlânske rivieregebiet hat hjirmei te krijen. De Combinatie van Beroepsvissers stipet it stânpunt fan de steatssiktaris, mar hat noed oer eventuele kompensaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)