Hylpen kandidaat Unesco list

08 mrt 2011 - 22:33

De Hylper prikslide en de Hylper taal krije miskien wol in plakje op de nije list mei ymmaterieel erfguod fan de UNESCO. It is foar it earst dat der sa'n list yn Nederlân makke wurdt. Mei ymmaterieel erfguod wurde ûnder oare folksferhalen, muzyk, dûns en tradysjes lykas Sinteklaas bedoeld.

It sil earst gean om in pilotprojekt. Op 19 maart moat Hylpen him presinteare. De stêd hopet mei it plakje op de UNESCO list harren Hylper kultuer te bewarjen foar de takomst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)