Makliker beammen kappe

08 mrt 2011 - 21:49

It kolleezje fan Ljouwert wol fan de kapfergunning foar beammen ôf, mar stelt derfoar as eask dat der faker ek beammen foar weromplante wurde moatte. Wa't minder as tsien beammen kappe wol, mei dat sûnder fergunning dwaan, sa wolle boargemaster en wethâlders ha. Foar mear as tsien beammen bliuwt de kapfergunning nedich. Dan moatte de beammen ek ferfongen wurde troch nije oanplant - mear as it kapte oantal. As dat net kin, moat der oan de gemeente betelle wurde foar nije beammen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)