Headamsbrêge trije dagen ticht

08 mrt 2011 - 15:40

In oannimmer leit op dit stuit de lêste hân oan nije ûnderdielen foar de Headamsbrêge yn Aldegea. De brêge krijt ûnder oare in nije boppebou. Dy wurdt fan nije wike sneon ôf op 'e brêge set. Dy kin dêrtroch op 19, 20 en 21 maart trije lang net brûkt wurde troch it skipfeartferkear.

It wurk oan de brêge begûn ein jannewaris en is, as alles goed giet, 1 april klear. Auto's, fytsers en kuierders moatte salang oer in needbrêge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)