Grutte ferbou fan Bertilla

Bewenners en meiwurkers fan ferpleechhûs Bertilla yn Drachten krije de kommende jierren te meitsjen mei sloop- en nijbou wurksumheden. Der wurdt drok skood mei ôfdielings, bewenners en personiel om oer in moanne klear te wêzen foar de sloop fan in grut part fan it gebou.
Soarchynstelling ZuidOostZorg wol dat alle goed 200 bewenners fan Bertilla yn de bouperioade op it eigen terrein wenjen bliuwe kinne. Dêrfoar binne kreative oplossings betocht.