Rinsma State wer te keap

08 mrt 2011 - 11:32

Rinsma State yn Driezum stiet wer te keap foar in bedrach fan 2,3 miljoen euro. Eigner Smeeing hat it gebou ein novimber foarich jier foar 1,7 miljoen euro kocht fia in feiling. It gebou wie fan 2000 ôf eigendom fan Dirk Scheringa, mar omdat dy fallyt gien is moast Rinsma State ferkocht wurde.

Smeeing is ûnreplik goed-hanneler en liet by de keap fuort al witte dat hy Rinsma State trochferkeapje of ferhiere woe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)