Medisinen ferlern op It Fean

08 mrt 2011 - 09:57

In man út It Hearrenfean hat moandei medisinen ferlern yn syn wenplak. Dy binne skealik as se yn ferkearde hannen falle, bygelyks fan bern.

De medisinen sitte yn in wyt doaske en de man is se kwytrekke tusken De Dracht en de De Vos van Steenwijksingel. Wa't se fynt wurdt frege om se by de apteek of de plysje te bringen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)