Soargen om De Parel by Nes

Omwenners fan rekreaasjeterrein De Parel fan Nes op it Amelân meitsje har soargen oer de plannen fan in projektûntwikkelder foar it gebiet. Op it terrein oan de râne fan Nes stean no rekreaasjewenten.
De projektûntwikkelder wol de fakânsjehúskes ferfange troch acht meter hege huzen dy't ferhierd wurde kinne oan grutte famyljes. De omwenners hawwe in brief stjoerd oan B&W. Se krigen lykwols antwurd fan de projektûntwikkelder.