SC Cambuur pynlik ûnderút

08 mrt 2011 - 01:10

Sportklup Cambuur hat op pynlike wize mei 3-0 ferlern fan Telstar. De Ljouwerters krigen kâns op kâns, mar wisten dy net te fersulverjen. Under oaren Reza, Diaz en De Vries mochten allinnich op keeper Varkevisser ôfkomme, mar allegear hiene se it fizier net op skerp.

Yn de twadde helte profitearre Telstar yn de persoan fan Johan Plat. De spits skoarde trije kear, wêrûnder ien út in strafskop. Dy waard feroarsake troch Martijn van der Laan dy't read krige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)