Skriezen helje Afrika net

Skriezen hawwe de reputaasje dat se fier reizgje om op in waarm plakje te oerwinterjen, by foarkar yn Afrika. Dizze winter kamen ûndersikers fan de Ryksuniversiteit Grins der achter dat grutte kloften skriezen net fierder komme as Spanje.
Op ien plak fûne se 15.000 fûgels, dat is in sechde fan it tal skriezen dat yn Fryslân briedt. Foar de fûgels betsjut tichterby oerwinterjen dat se minder risiko rinne en dat is neffens de ûndersikers posityf.