Top&Twel bang foar grut Snits

07 mrt 2011 - 21:17

Ynwenners fan Top en Twel fiere aksje tsjin de útwreiding fan it Snitser yndustryterrein rjochting de doarpen. Stielbedriuw Douma Staal wol de bedriuwshal mei goed fyftich prosint útwreidzje. Dat sil te'n koste gean fan de griene stripe tusken it yndustryterrein en de doarpsgrinzen.

Earder stipe Wymbritseradiel de Top en Twelsters yn de striid foar de grienstripe. It gemeentebestjoer fan Súdwest-Fryslân wurket wol mei oan de útwreiding fan it yndustryterrein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)