Donner wol reaksjes op taalwet

07 mrt 2011 - 16:24

It ministearje fan ynlânske saken is útein set mei in ynternet-konsultaasje oer de nije konsept-taalwet Fryske taal fan minister Donner. De minister wol graach witte wat organisaasjes mar ek privee-persoanen yn Fryslân fine fan syn wetsfoarstel. Reaksjes mar ek suggestjes ta ferbettering of oanfolling kinne dien wurde op de website www.internetconsultatie.nl.

De ynternetkonsultaasje rint oant en mei freed 29 april. De reaksjes wurde ek op de website publisearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)