Topsylster vd Werf hâldt op

Brechtje van der Werf
Sylster Brechtje van der Werf fan Snits is ophâlden mei topsilen. Van der Werf kin de motivaasje foar it silen op topnivo net mear opbringe. Se is al in pear wiken net mear yn training en siket om wurk.
De sylster makke de ôfrûne jierren diel út fan it nasjonale matchraceteam. Dat team is yn tarieding op de Olympyske Spelen fan 2012 yn Londen. Dêrfoar fear se fjouwer jier mei yn de Yngling klasse.