Parkeargaraazje Saailân iepen

07 mrt 2011 - 14:10

Sûnt moandeitemoarn tsien oere kin der wer parkeard wurde ûnder it Saailân yn Ljouwert. Foar 20 miljoen euro is der sûnt april 2009 hurd wurke oan de bou fan in nije garaazje. In garaazje dy't der hiel oars útsjocht as de âlde. Dy stie bekend as donker en kâld, wylst de nije in soad ljocht en romme parkearplakken hat.

De earste besikers binne oer it generaal posityf oer de nije parkeargelegenheid yn it Ljouwerter sintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)