Mooglik gearwurking OSF-50plus

07 mrt 2011 - 11:14

De Unôfhinklike Senaatsfraksje, OSF, ûndersiket in mooglike gearwurking mei de nije partij 50-plus fan Jan Nagel. Troch in gearwurking soe de OSF dochs noch werom komme kinne yn de Earste Keamer. De partij is in gearwurking fan ferskate regionale provinsjale partijen, wêrûnder de FNP.

Dy partijen krigen mei elkoar net genôch sitten yn provinsjale steaten om in Earste Keamersit te heljen. 50-plus slagge dat wol, mar krige net genôch foar in twadde sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)