3800 folgers plysje-twitter

07 mrt 2011 - 11:07
It twitterkanaal fan de Meldkeamer fan Plysje Fryslân hat in soad folgers...

De meldkeamer fan de plysje Fryslân hat sûnt dizze wike goed 3800 folgers op twitter. De plysje brûkt de berjochteside op ynternet sûnt maart ferline jier en it wurdt ûnder oaren ynset om fermiste persoanen of stellen guod werom te finen. De folgers wurde dan fia twitter frege de eagen iepen te hâlden en de plysje te helpen.

Moandei wurdt stilstien by it sukses fan twitter foar de plysje. De 3500ste folger krijt in rûnlieding op it plysjeburo en mei sjen by de meldkeamer.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)