Soad besikers Huis en Tuin

07 mrt 2011 - 10:59

De beurs Huis en Tuin yn it WTC Expo yn Ljouwert hat dit jier goed 30.000 besikers lutsen. Dat is krekt wat mear as de edysje fan ferline jier. Ek wiene der mear eksposanten.

It wie foaral drok by de ferskate nijbouplannen. Benammen foar Jabikswoude yn de Súdlannen yn Ljouwert wie in soad belangstelling. Ek de modeltunen lutsen in soad folk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)