Ynbraken by drogisterijen

07 mrt 2011 - 10:07

By ynbraken yn drogisterijen yn Damwâld en Noardwâlde is it ôfrûne wykein ûnder oare in klûs stellen. By de drogist oan it Manauplein yn Noardwâlde kamen de dieders deryn troch in doar te forsearjen. Dêr waard de klûs meinaam.

Deselde nacht waard ynbrutsen by in drogist oan de Conradi-Veenlandstrjitte yn Damwâld. Ek dêr waard in doar forsearje. It is noch net dúdlik oft by dy winkel ek wat stellen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)