FVC-Rigtersbleek: 2-4

FVC hat snein de ynhelwedstriid yn de haadklasse C tsjin Rigtersbleek mei 4-2 ferlern. Rigtersbleek starte folle skerper en stie nei 20 minuten al mei 3-0 foar. Krekt foar it skoft koe Jeffrey Hollander wat werom dwaan:3-1.
Tweintich minuten nei de tee skoarde René Hoen de oanslutingstreffer, mar Tom Slotman fan Rigtersbleek goaide de wedstriid terjochte yn it slot. Earder gie de wedstriid twa kear net troch. Der stie in kear in te hurde wyn en letter wie in sniebui de spulbrekker.