Wer thúsferlies Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean hat op 'e nij de punten lizze litten. De thúswedstryd tsjin Feyenoord waard mei 1-0 ferlern. De mannen fan trainer Ron Jans wienen in grut part fan de wedstryd sterker as de Rotterdammers, mar fergetten te skoaren. Dat die Castaignos yn de 78ste minút by in útbraak fan Feyenooard wol.
Hearrenfean, mei Bas Dost yn de basis, spile yn de slotfaze mei fjouwer oanfallers, mar dat holp net mear.