VC Snits hellet play-offs

Argyffoto Snits-Weert (foto: sportfotografie Hijlkema)
Sûnder sels te spyljen, binne de froulju follyballers fan VC Snits kwalifisearre foar de play-offs yn de Dela League. De grutte konkurrint foar plak sân, Kindercentrum, ferlear sneontejûn. Follybalklup VC Snits komt takom wike sneon yn play-offs fan de Dela League út tsjin Weert.
It team fan trainster Petra Groenland ferlear de lêste wedstriid fan Weert, dat twadde waard yn de einstân.