Fjochtpartij op Weaze

06 mrt 2011 - 14:22

Op de Weaze yn Ljouwert moasten plysje-aginten sneintemoarn in ploech knokkende manlju útelkoar hâlde. De plysje trof op strjitte in pear manlju oan dy't elkoar sloegen. In man (46) út Steggerda pakte in oare man by de kiel. Foar de plysje reden om de man mei te nimmen nei it buro. De man fersette him hjirby flink. Ek waard der by in Ljouwerter in stroomstjitwapen oantroffen. Dizze blykte achterôf net echt te wêzen. Wol moast de man mei nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)