Himpkwekerij Drachten oprôle
Nei in tip koe de plysje sneintemoarn in hennepkwekerij yn Drachten oprôlje. Yn in wenning oan it Schuttersveld ûntdekten aginten in kwekerij mei 132 planten. Ek waarden der pûden mei 30 kilo oan weed oantroffen.
In 24-jierrige man út Boelensloane en de 28-jierrige húseigner binne oanhâlden. De planten en apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige.