Bûtenbrantsjes yn Drachten

De plysje is op syk nei minsken dy't mear witte fan twa brantsjes yn Drachten en ien op It Hearrenfean.
Sneontejûn rukte de brânwacht út foar in brân yn in kontener achter in gebou oan de Dimpte Molewyk op It Hearrenfean. Troch de waarmte sprongen twa ruten en rekke de muorre skansearre. Yn Drachten waarden sneintemoarn betiid twa konifearehagen yn brân stutsen. Earst barde dit oan de Moezel en letter oan de Tsjonger. De plysje hat gjin dieder fûn.