Lintsjes foar twa oargelisten

Beide oargelisten fan de PKN Gemeente fan Noardburgum hawwe snein in keninklike ûnderskieding krigen foar har jierrenlange ynset.
Sawol Abraham de Jong as Adriaan Raap út Noardburgum binne al 40 jier aktyf as organist. Se begeliede alle sneinen de tsjerketsjinsten, mar sette har ek yn by houliken en begraffenissen. De keninklike ûnderskiedingen waarden nei de tsjinst opspjelde troch loko-boargemaster Doeke Fokkema.