Gaasterlân wol VVV

06 mrt 2011 - 10:11

Gaasterlân-Sleat wol in VVV-organisaasje opsette mei Lemsterlân en Skarsterlân. Dat stiet yn it plan fan oanpak 'rekreaasje en toerisme' foar de kommende twa jier.

Fierder wol de gemeente in enkête hâlde ûnder toeristen om har te freegjen wat se noch misse yn de gemeente. Ferantwurdlik wethâlder Bonnema wol ek de kontakten mei de rekreaasjesektor ferbetterje. Tiisdei oer in wike praat de gemeenteried der oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)