Kannabisdebat yn Ljouwert

05 mrt 2011 - 17:05

Legalisearring fan softdrugs. Dat is it doel fan de organisaasje fan fjouwer lanlike debatten. Sneon wie it Fryske debat yn coffeeshop de Os yn Ljouwert. De kannabisdebatten wurde organisearre troch de Vereniging voor Opheffing fan it Cannabisverbod VOC.

De lanlike polityk wol de coffeeshops allinnich mar hurder oanpakke. De VOC hopet mei help fan lokale oerheden de oanfier legaal te krijen. De debatten moatte liede nei in foarstel oer hoe't softdrugs legalisearre wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)