Snein Fryske kornerflagen

05 mrt 2011 - 14:43

Op it fjild fan Sportklup Hearrenfean steane snein by de wedstriid tsjin Feyenoord spesjale hoekflagen. Gewoanlik binne dy flaggen frij neutraal, mar yn dit gefal wurde der Fryske flachjes foar brûkt fan 'e Dokkumer Vlaggencentrale. Neffens de regleminten mei der gjin kluplogo op de flagen stean, mar neffens Hearrenfean is it patroan fan de Fryske pompeblêdeflage wol tastien.

De klup wol sa de eigenheid fan SC Hearrenfean ûnderstreekje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)