Marijetsjerke yn gebrûk naam

05 mrt 2011 - 14:33

De restauraasjekommisje fan 'e Marijetsjerke fan Winsum hat al wer plannen foar in nij projekt. Sneon is de tsjerke offisjeel yn gebrûk nommen, neidat de flier hielendal fernijd is.

Der lei sûnt 1977 in houten flier yn de tsjerke, mar dy is der no wer úthelle. Dêrby binne de âlde grêfstiennen wer foar 't ljocht kommen. Oer in pear jier wol de kommisje ek de lambrisearring oanpakke. Mar dêrfoar moat earst noch wol jild fûn wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)