Erfpachters noch net gerêst

05 mrt 2011 - 14:31

De erfpachters op Skylge en Flylân binne der noch net gerêst op dat de kwestje oer de erfpacht no útiten is.

Freed lieten Steatsboskbehear en de Waadeilanen witte dat in diel fan de erfpachters de grûn keapje kin fan Steatsboskbehear. Mar neffens de Vereniging Terschellinger Erfpachters giet it mar om in lyts part fan de fakânsjehúskes. Foarsitter Martinus Kosters fan de Skylger pachters is der noch net gerêst op dat de problemen no oplost binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)