Boeren SW-Fryslân ynvestearje

Boeren yn Súdwest-Fryslân hawwe ek ferline jier flink oan it lienen west om nije lisboksstâlen te bouwen en melkmasines te keapjen. Hjirmei binne sy in útsûndering op de lanlike trend ûnder boeren. Dit blykt út de jiersifers fan de Rabobank yn Snits.
Lanlik sjoen liende de bank minder út oan boeren, mar yn de Súdwesthoeke wie der in taname fan fiif prosint. Neffens Bart Geertsema fan de Rabobank yn Snits hawwe boeren yn Súdwest-Fryslân mear romte om te groeien.