Amelanner hâldt fjoerwurksjo

05 mrt 2011 - 09:10

In ynwenner fan It Amelân hat freed in fjoerwurksjo hâlden, omdat hy lang om let in juridyske proseduere wûn hat fan de gemeente. It gong om Ruurd Polet út Nes. Hy ruile yn 1998 in stikje grûn mei de gemeente en tocht dat hy de strook fan 3 by 30 meter yn gebrûk nimme koe.

De gemeente tocht dêr oars oer en de iene nei de oare proseduere folge. Yn heger berop is Polet no yn it gelyk steld, mar de gemeente lit witte dat se noch yn kassaasje gean kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)