Bob de Vries tredde op 5 km

04 mrt 2011 - 20:31

Bob de Vries is freed tredde wurden yn de finale 5000 meter fan de wrâldbekerwedstriid op It Hearrenfean. De Haulster ried 6.24,44. Ploechmaat Bob de Jong wie opnij fierwei de sterkste. De winner fan it einklassemint kaam yn 6.18,62 oer de streek. Europeesk- en wrâldkampioen Ivan Sobrev siet tusken de twa BAM-riders yn mei 6.22,50. It einklassemint hie deselde folchoarder.

Jorrit Bergsma waard fiifde yn 6.26,74.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)