Nûmer 12 PvdA dochs yn Steaten

De nûmer tolve fan de list fan de PvdA foar de provinsjale steaten krijt dochs in sit yn de steaten. De partij hat alve sitten helle. Mar Wanda Ottens fan It Hearrenfean hat safolle foarkarstimmen krigen, dat se eins as nûmer trije yn de steaten keazen is.
Freed is de útslach fan de provinsjale ferkiezings offisjeel fêststeld. En dus is no ek hielendal dúdlik wa't de nije steateleden wurde. Ien fan har is dus de 30-jierrige Wanda Ottens.