Slachtoffer Rot'haule is stikt

De 20-jierrige man dy't moandei om it libben kaam op in bedriuw yn Rotsterhaule, is stikt. Undersyk fan de Arbeidsynspeksje wiist út dat der te min soerstof wie yn de silo dêr't de man dwaande wie mei skjinmakwurk.
Omdat in silo in ôfsletten romte is, wurdt gewoanwei earst metten hoefolle soerstof yn de romte is foar't minsken deryn geane. Yn dit gefal hat der gjin soerstofmjitting west foar't de man yn de silo oan it wurk gie.