Botsing yn Surhústerfean

By in ûngelok yn Surhústerfean tongersdei binne twa automobilisten ferwûne rekke. It giet om in 30-jierrige man út Boelensleane en in 31-jierrige Feanster. Dy woe de oare ynhelje op de Skieding. Op dat stuit sloech de man út Boelensleane krekt linksôf, wêrtroch't beide auto's op elkoar klapten.
De man út Boelensleane is mei ferwûnings oan syn holle oerbrocht nei it sikehûs. Beide auto's hawwe behoarlik wat skea.