Alde frou fernielt doar

03 mrt 2011 - 22:40

In âlde frou op in skootmobyl hat by winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert in skodoar stikken riden. De frou woe nei binnen ta ride wylst de doar mar foar de helte iepenstie. Se rekke de doar hurd, wêrnei de hiele doar op de grûn foel.

De frou sels foel ek mei de skootmobyl om. Omstanners hawwe de frou wer omheech holpen en meinaam nei in oare winkel ta dêr't se bykomme koe fan de skrik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)