Oplichter opnij feroardiele

It gerjochtshôf yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
In 42-jierige man út Surhústerfean is yn heger berop ta fiif jier sel feroardiele, ien jier heger as de rjochtbank him jûn hie. De man hat bedriuwen bedondere troch guod te bestellen en te ferkeapjen sûnder der sels foar te beteljen. Mei it jild kocht er kokaïne.
Neffens it gerjochtshôf hat de man him yn 2009 en 2010 skuldich makke oan bedriging, mishanneling, oplichting en fertsjustering. Hy is faker foar sokke saken feroardield, ien kear ta 3 jier.