GHB-brûker op intensive care

Foto: Omrop Fryslân
In 30-jierrige Ljouwerter is woansdeitejûn ferwûne rekke nei't er GHB brûkt hie. De man wie fallen en ferwûne rekke oan de holle. Der kaam in melding fan Achter de Hoven. Doe't de plysje dêr oankaam, lei de man op strjitte. Normaal mei him prate koe net, want hy rekke hieltyd heal yn 'e sûs.
De plysje hat de man mei de ambulânse nei it sikehûs bringe litten. Dêr wie syn tastân sa slim dat er op 'e intensive care leit fanwege de GHB.