Ferlies foar FNP, SP en CU

03 mrt 2011 - 03:06

De Frysk Nasjonale Partij buorke by de steateferkiezings yn de measte Fryske gemeenten achterút. Ofsjoen fan It Bilt en Skarsterlân ferlear de FNP rûnom. De FNP leveret in sit yn de steaten yn, mar bliuwt mei 9,2% wol de fjirde partij fan Fryslân.

De SP like net al te folle lest te hawwen fan Feriene Lofts, mar ferspile likegoed 1,2% en dêrmei ek in sit yn de steaten. De ChristenUnie fan listlûker Piet Adema gie 1,8% achterút, mar hâldt wol trije sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)