PvdA ferliest op It Bilt

03 mrt 2011 - 00:53

Net it CDA mar de PvdA is de grutte ferliezer wurden fan de ferkiezings op It Bilt. De PvdA gie 10,1% achterút, mar bleau wol de grutste partij op It Bilt. De PvdA hie yn 2007 in bysûnder goeie útslach troch de doetiidse listlûker Anita Andriesen, dy't ek op It Bilt wenne.

It CDA ferlear 5,4% en is no mei 22,4% de twadde partij. De FNP wûn 2,9% op it Bilt en kaam út op 11,1%, de VVD wûn 2,2% en kaam út op 12,7%. De PVV helle op It Bilt 8,4% fan de stimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)