12 % foar de PVV yn Harns

De Partij voor de Vrijheid helle yn havenstêd Harns in skoare fan 11,9%. De partij fierde de ôfrûne wiken kampanje tsjin de nije ôffaloven fan Omrin by Harns.
De PvdA bliuwt mei 25,3% de grutste partij fan Harns, folge troch de VVD mei 16,7%, in winst fan 3,8%. It CDA ferlear yn Harns 9,2% en kaam út op 11,5%. 50Plus krige de stipe fan 3,3% fan de Harnzers, D66 fan 3,4%, in winst fan 1,8%. De SP skoarde 13,0% yn Harns, GrienLinks 5,6%.