'VVD wint de ferkiezings'

De earste útslaggen komme binnen
De earste foarriedige prognoazes wize de VVD as winner fan de provinsjale ferkiezings oan. Dy partij hat 20% fan de stimmen krigen en krijt dêrmei 15 sitten yn de Earste Keamer. De PvdA is twadde wurden en krijt 14 sitten. It CDA leveret mear as de helte fan de sitten yn en komt út op 11 sitten.
De PVV krijt yn de Earste Keamer 9 sitten, de SP krijt 8 en D66 komt op 6 sitten út. Mei dizze útslach soe de koalysje gjin mearderheid hawwe yn de Earste Keamer.