F-16's ûnderskeppe Russen

02 mrt 2011 - 17:38

Twa F-16's fan de Ljouwerter fleanbasis hawwe woansdei twa Russyske fleantugen ûnderskept. De Russen fleagen it Nederlânske gebiet yn sûnder har identiteit bekend te meitsjen. De F-16's folgen de Russen oant se it gebiet rjochting Ingelân ferlieten. Dêr namen de Ingelsen it oer.

Earder waarden de Russen ek al troch Deenske fleantugen folge. It ûnderskeppen fan ûnbekende fleantugen is in taak fan de fleanbasis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)