Rapport Hoekstra wol iepenbier

02 mrt 2011 - 16:57

It rapport Hoekstra oer wa't de baas wêze moat oer it Frysk yn it basisûnderwiis komt tongersdei dochs nei bûten ta. Acht moannen lyn is der ûnder lieding fan Rein Jan Hoekstra fan de Raad van State in advys skreaun oer it foech oer it Frysk yn it ûnderwiis.

De provinsje wol dat foech ha; it ryk hat it no noch. Pas nei keamerfragen en publisiteit oer de fertraging wurdt it advys offisjeel oerlange oan de ministers Donner en Van Bijsterveld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)