Wurken Ydema nei Lânboumuseum

It Frysk Lânboumuseum hat twa skilderijen fan Egnatius Ydema yn brûklien krigen fan it Frysk Museum en Museum Smellingerlân. It giet om 'De melkrijder' en 'kalfje op stal'. Ydema komt fan út Aldegea (W) en libbe fan 1876-1937.
De beide wurken binne tusken 1920 en 1930 yn Den Haach makke. Ydema wenne dêr jierrenlang en skildere yn de styl fan de Haachske Skoalle. Syn oeuvre bestiet út gesichten op Fryske marren, sylboatsjes yn fearten en buorkerijen.