Listlûkers stimme sels ek

02 mrt 2011 - 15:19

Nei alle kampanjes is it woansdei foar provinsjale politisy in spannende dei. Ek de listlûkers bringe har stim út foar de provinsjale steaten. Sjoerd Galema (CDA) krige op de pleats help fan Anneke Douma en gie doe te stimmen. Listlûker Aardema fan de PVV dy't foar it earst yn de steaten komt, stimde op it gemeentehûs fan Drachten.

Hindrik ten Hoeve sit yn de Earste Keamer foar de ûnôfhinklike belangepartijen. De stimmestriid bepaalt syn takomst yn de senaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)